Slim ûngemak op de A7

26 feb 2010 - 20:19

In ûngemak op de A7 tusken Snits en De Jouwer hat freed oan it ein fan de middei foar in grutte ravaazje soarge. Meardere auto's klapten der opelkoar en fjouwer minsken rekken ferwûne. De plysje en brânwacht rukte mei grut materieel út. Ek waarden fjouwer ambulânses oproppen.

It ûngemak en de oprêdwurksumheden dêrnei soargen foar in soad fertraging foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)