It Heidenskip wint WK toulûken

26 feb 2010 - 18:24

De toulûkers fan It Heidenskip binne yn it Italjaanske Cesenatico wrâldkampioen wurden yn de klasse oant 680 kilogram. Yn de finale fersloegen se ASD Cobra Fermo, in ploech út Itaalje.

Yn de heale finale wiene de manlju fan It Heidenskip te sterk foar in ploech út West-Fryslân (Noard-Hollân). Twa jier lyn waard It Heidenskip ek al wrâldkampioen yn dizze klasse. Snein dogge se noch mei oan it wrâldkampioenskip foar lanneteams.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)