Unrêst by Friese Land

26 feb 2010 - 17:19

Under in groep meiwurkers fan Thússoarch Het Friese Land en syn kliïnten is ûnrêst ûntstien. Mear as 30 minsken ha dizze wike in brief krigen dêr't yn stiet dat se mei yngong fan moandei gjin wurk mear ha.

It giet om minsken dy't oant jannewaris wurken as alfahelp, mar dy't dêrnei yn tsjinst kaam binne fan het Friese Land. In reden foar it ûntslach wurdt net neamd. Om dêrachter te kommen, moasten de ûntsleine minsken sels ferhaal helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)