Weryndieling SWH ûnwis

26 feb 2010 - 16:13

It útstellen fan de riedsferkiezings yn de Súdwesthoeke hat dom west. Dat seit heechlearaar bestsjoerskunde Douwe-Jan Elzinga. Troch de fal fan de regearing is de kâns grutter wurden dat it beslút oer de weryndieling útsteld wurdt. Elzinga fynt dat se yn de SWH op de feiten foarút rûn binne.

Elzinga tinkt dat it oannimlik is dat de Earste en Twadde Keamer de weryndieling kontroversjeel beskôgje sille. Dat soe betsjutte dat it beslút oer de nije gemeente útsteld wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)