Janmaat wer yn Jong Oranje

26 feb 2010 - 14:26

Daryl Janmaat is wer opnaam yn de seleksje fan Jong Oranje. De 20-jierrige rjochtsback fan Hearrenfean hat oer it algemien in basisplak yn it team fan bûnscoach Cor Pot.

Jong Oranje spilet 3 maart in EK-kwalifikaasjewedstriid yn Doetinchem yn it stadion De Vijverberg tsjin Poalen. It Nederlânske team hat noch gjin wedstriid ferlern en is tichtby it heljen fan de play-offs om in ticket foar it EK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)