Grêfkelders Seisbierrum

26 feb 2010 - 11:38

Yn Seisbierrum binne plannen om de twa grêfkelders yn de Sixtustsjerke iepen te stellen foar publyk. De kelders binne 10 jier lyn by in grutte restauraasje iepenmakke, mar letter wer sletten, omdat der flierferwaarming oerhinne lein wurde moast. Wol is der doe by de preekstoel in lûk makke, dat frij maklik iepene wurde kin.

De tsjerkfâdij hat no plannen om in glêswand yn de kelders te meitsjen en ferljochting oan te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)