Elektryske fytsen gean goed

De Accell Groep op It Hearrenfean, fabrikant fan ûnder oaren Batavusfytsen, hat oer 2009 in winst fan 15 persint makke. De groei fan de omset waard foaral realisearre yn Dútslân en Frankryk.
Krekt as yn 2008 waarden in protte elektryske fytsen ferkocht. De ferkeap fan tradisjonele fytsen en bernefytsen rûn werom. Accell seach de omset fan fitnessapparatuer mei goed 10 miljoen euro weromrinnen.