Soad ynbraken yn Harns

26 feb 2010 - 09:53

Yn Harns wurdt de ôfrûne tiid opfallend faak ynbrutsen. Rûchwei trije oant fjouwer kear yn de wike wurdt by de plysje oanjefte dien fan in wenningynbraak. De plysje is folop dwaande mei ûndersiken nei mooglike dieders.

Yn de measte gefallen wurdt ynbrutsen troch in rút of doar stikken te meitsjen. Dêrnei wurdt de wenning trochsocht en jild, tv's, laptops en lûdsapparatuer meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)