Sven Kramer freed yn aksje
Sven Kramer komt freedtejûn yn Vancouver yn aksje op de ploege-achterfolging. Mei syn ploechgenoaten Jan Blokhuijsen en Simon Kuipers moat er it opnimme tsjin it Sweedske tiim.
As Nederlân dat wint, moat der riden wurde tsjin de winner fan de striid tusken de Feriene Steaten en Japan. Mark Tuitert ferfangt dan Simon Kuipers.