Minwaarfersekering foar boeren

De fersekering moat boeren ûnder oaren helpe by wetterskea
Minister Verburg fan Lânbou is akkoart mei in nije minwaarfersekering foar boeren. De nije fersekering wurdt troch fjouwer fersekeraars oanbean en dekt sa goed as alle risiko's fan min waar; net allinnich rein. Grutste ferskil is ek dat net it hiele bedriuw skea ha moat foardat der útbetelle wurdt. As der genôch skea is yn ien stik lân wurdt dat al fergoede
Earder sprong it Ryk noch wolris by as boeren yn de problemen kamen troch it minne waar. Dat gebeurt no net mear.