Heak kin trochgean

De oanlis fan de Heak om Ljouwert kin as alles goed giet oer in jier begjinne. De kabinetskrisis yn Den Haach smyt gjin fertraging op foar de dyk, sa lit deputearre Piet Adema witte.
It iennige wat no noch mist, is de hantekening fan minister Camiel Eurlings fan Ferkear en Wettersteat ûnder it saneamde traseebeslút. En dy hat no tasein dat er dat op hiel koarte termyn dwaan sil.