Jong Hearrenfean/Emmen wint

Jong Hearrenfean/Emmen hat tongersdei de wedstriid tsjin Jong De Graafschap mei 4-2 wûn. Krekt as ôfrûne moandei waard spile op it keunstgers fan Snits Wyt Swart. Yn de earste helte wiene beide ploegen oan inoar weage, al hie de ploech út Doetinchem healwei wol in 2-1 foarsprong. Pawel Wojciechowsli wie de Feanster doelpuntemakker.
Fuort nei it skoft makke Pawel ek de 2-2. It alvetal fan Johnny Jansen waard sterker en troch in eigen doelpunt en ien fan Pedro Beda waard it 4-2.