Frisia makket protte winst

25 feb 2010 - 20:43

De lange froastperioade fan de ôfrûne moannen hat foar Frisia Sâlt soarge foar goed 5 miljoen euro oan ekstra ynkomsten. Gemeenten, provinsjes en Rykswettersteat kochten massaal ekstra struisâlt yn by it bedriuw yn Harns.

Om't der in tekoart drige oan struisâlt krige Frisia fan it Ryk sels tastemming om 100-tûzen ton ekstra sâlt út de grûn te heljen. Dêr is it bedriuw noch altyd mei dwaande. Want ek de oerheden wolle graach harren sâltfoarried wer op peil krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)