Posters meie dochs

25 feb 2010 - 18:50

Politike partijen yn Ljouwert meie dochs sandwichbuorden brûke om posters op te plakken. De posters waarden begjin dizze wike troch de gemeente fuorthelle om't se net op saneamde kommersjele plakken hingje mochten.

It die lykwols bliken dat in oare politike party yn bushokjes kampanje fiert. Dat kin troch de gemeente net ferbean wurde. Om alle partijen in selde grutte kâns te jaan om kampanje te fieren is der no besletten om de sandwichbuorden dochs ta te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)