Supporters Cambuur krije coach

25 feb 2010 - 14:57

In coach foar supporters is ien fan de ideeën om de oerlêst fan hooligens fan Cambuur oan te pakken. De klup hat dêr nije ôfspraken oer makke mei de gemeente, de plysje en oare partijen. De ôfspraken binne fêstlein yn it feiligenskonvenant fan dit jier.

De supporterscoach wurdt meikoarten oansteld. Hy sil as tuskenpersoan fungearje tusken supporters en ynstânsjes. Ferline jier ûntstienen nei de wedstriid Cambuur-Roda JC grutte rellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)