Fryslân's âldste is 108 jier

25 feb 2010 - 13:18

De âldste frou fan Fryslân krige tongersdei op har 108e jierdei boargemaster Crone fan Ljouwert op besite. Geertruida Draaisma waard berne yn Makkum en hat hiel lang mei har suster yn Den Haach wenne. Se is wennet no 15 jier yn soarchssintrum De Hofwijck. In slokje giet der noch wol yn en se smookt soms ek in sigretsje.

De âldste ynwenner fan Nederlân is ek fan oarsprong in Friezinne. Wytske van Dijk-Meindertsma wennet yn Peize yn Drinte en waard earder al 108.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)