Fleanfeest op It Hearrenfean

25 feb 2010 - 12:29

Op It Hearrenfean is dizze simmer in grut fleanfeest. It is dan hûndert jier ferlyn dat de earste piloat mei in fleanbrevet in flecht makke yn Nederlân. Clément van Maasdijk sette op 't Fean út ein. Hûnderttûzen minsken seagen it fleantúch. Guonts wiene sa bot ûnder de yndruk dat se gûle moasten. De offisjele betinking is op 31 july, it fleanfeest fan 28 augustus oant 4 septimber. De stichting Clément van Maasdijk organisearret it.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)