Kampanjeboat moat fuort

25 feb 2010 - 12:12

Gemeentebelangen Smellingerlân lit de kampanjeboat op it Moleneind yn Drachten op lêst fan 'e gemeente fuorthelje. De sylboat is sneon delset op it plak dêr't yn 2008 begûn wurde soe mei it útgraven fan de âlde Drachtsterfeart.

De gemeente wol dat de boat fuorthelle wurdt om't der gjin tastimming foar frege is. Listlûker Bart Pietersma tinkt deroer om de boat no earne oars yn de gemeente te stallen en fynt de aksje fan de gemeente flau.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)