Kontenerferfier moat feiliger

Kontener op Amelanner strân (foto Dirk Visser)
It Europeesk Parlemint moat mear dwaan oan de feiligens fan seekonteners op de Waadsee en de Noardsee. Dat fynt de FNP yn gearwurking mei de Fryske partijen Die Friesen en de SSW yn Dútslân. Der moatte GPS-stjoerders op de konteners komme om it plak en de ynhâld oan te jaan. Fierders moatte reders en ferladers oanspraaklik wurde foar it oprêden fan de rommel.
De lêste tiid bart it wol faker dat konteners fan skippen ôffalle yn see. Se spiele dan op 'e eilannen oan.