Jansma twivelt oer takomst

© Omrop Fryslân
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein twivelt of dat hy noch wol fierder wol as bobslider. Dat seit hy tsjin Omrop Fryslân neidat bekendmakke is dat hy mei de fjouwermansbob net dielnimme sil oan de Olympyske Spelen. Stjoerman Edwin van Calker fynt it net ferantwurde.
Jansma is bot teloarsteld, mar respektearret de kar fan Van Calker wol. Hy hat noch besocht him te oertsjûgjen, mar dat hat neat opsmiten.