Ynteresse Turken yn Dingsdag

25 feb 2010 - 00:30

Hearrenfeanspiler Michael Dingsdag stiet yn de belangstelling fan Trabzonspor. De Turkse subtopper is op syk nei in sintrale ferdediger en Dingsdag is ien fan de kandidaten. Dat meldt de Turkse side Günebakis.

Dingsdag syn kontrakt rint oan de ein fan dit seizoen ôf. SC Hearrenfean hat in iensidige opsje om it kontrakt mei in jier te ferlingen. Dingsdag kaam dit jier minder yn aksje. By de nije trainer Jan Everse hat Dingsdag ek gjin basisplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)