Fleanfeest op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Der komt in fleanfeest op It Hearrenfean. Op dit feest wurdt stilstien by it feit dat 100 jier ferlyn it earste fleantúch boppe it doarp fleach. Op 31 july 1910 fleach Clément van Maasdijk út Den Haach mei in fleantúchje boppe It Fean.
Dêr kamen doe hûnderttûzen minsken op ôf. Op dyselde dei dit jier is de betinking op It Hearrenfean. Ein augustus begjint in feestwike. Yn dy wike binne der ferskate aktiviteiten op it mêd fan fleanen.