Flyers ferlieze yn Geleen

De Hajé Flyers
De Hajé Flyers ha de earste wedstriid yn de play-offs yn en tsjin Geleen mei 4-2 ferlern. De earste perioade wie mei 1-0 foar de Flyers troch in doelpunt fan Hans Kroon. De twadde perioade gong mei 4-1 nei Geleen, mei trije doelpunten binnen fiif minuten. Yn de lêste perioade seagen de rom tûzen taskôgers gjin goals mear.
Freed om acht oere spylje de Flyers op it eigen iis fan Thialf de twadde wedstriid. As dy wûn wurdt, folget de beslissende tredde útwedstriid op snein.