De Vries en Sterk twadde

24 feb 2010 - 20:59

Bob de Vries fan De Haule is woansdei twadde wurden yn de earste maraton fan de trijedaagse. Yn Grins waard de einsprint fan in groep fan achttjin wûn troch Ingmar Berga fan Hoogeveen. De Vries waard twadde, Karlo Timmerman fan Grins tredde.

By de froulju gong de winst nei Daniëlle Bekkering fan Den Ham. Sy wie de rapste fan acht froulju. Maria Sterk fan Hallum waard twadde, Marleen Elstgeest fan Hoogmade waard tredde. Tongersdei wurdt der riden yn Breda.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)