Nij plan Frisse Wind oer oven

24 feb 2010 - 19:59
  • De ôffaloven yn Harns

Politike partij Frisse Wind yn Harns hat in plan om de bou fan de ôffaloven fan ferwurker Omrin yn de stêd dochs stil te lizzen. As oare ôffalferwurkers it Fryske ôffal ferwurkje, wurdt de oven oerstallich en moat er ticht.

Neffens Frisse Wind hawwe EON, HVC en Van Gansewinkel wol ynteresse yn it Fryske ôffal. De apparatuer yn de oven soe ferkocht wurde kinne oan bedriuwen yn Ingelân. Neffens Omrin is it plan net helber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)