Nije fervelaach F15 klear

24 feb 2010 - 15:03

De F15 dy't yn Jirnsum in nije fervelaach krigen hat, giet tongersdei op transport. De strieljager stie foarhinne bûten by it Militêr Loftfeart Museum yn Soesterberg. It waar hat dêrby de fervelaach en de belettering oantaaste.

De F15 komt no yn it museum te stean en dêrom is de spuiterij yn Jirnsum frege de bûtenkant by te wurkjen. Dat wurk is no klear. De strieljager wurdt wer nei Soesterberg brocht en is dêr 10 april foar it earst te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)