Winst foar Jumbo

24 feb 2010 - 11:56

Supermerkkonsern Jumbo hat ferline jier in hegere winst draaid as yn 2008. Dat hat it bedriuw woansdei bekend makke. De winst gie mei 31 prosint omheech, nei in bedrach fan 46 miljoen euro.

Ien fan de oarsaken dêrfan is de groei fan it tal winkels. Ek waarden mear produkten ferkocht en is it slagge de kosten nei ûnderen te bringen. Super de Boer hat sân festigings yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)