Elma de Vries yn fjirde rit

24 feb 2010 - 11:39

Reedrydster Elma_de_Vries, earder fan De Haule, komt woansdei by de Olympyske fiif kilometer by de fjirde rit yn aksje. Dat is de útkomst fan de lotting foar dy wedstryd. Se moat it yn dy rit opnimme tsjin Cathrine Grage út Denemarken.

De oare Nederlânske dielnimster, Jorien Voorhuis, komt foar De Vries yn aksje. Sy nimt it yn de twadde rit op tsjin de Russyske Svetlana Visokova. De fiif kilometer begjint om 22.00 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)