PAL-GL nimt it op foar fytsers

24 feb 2010 - 10:29

By min waar moatte fytsers gauwer troch Ljouwert fytse kinne. De ferkearsljochten moatte earder op grien springe mei de help fan reinsensoaren. Dat wol PAL GrienLinks yn Ljouwert. Dat partij wol mei dizze en oare maatregels minsken stimulearje om faker op 'e fyts te stappen. Fytsers soene ek foarrang krije moatte op rotondes.

Om de plannen te promoatsjen, stiene PAL GrienLinks leden woansdei mei paraplu's om fytsers droech te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)