CU: asfalt op fytspaden

24 feb 2010 - 09:24

De ChristenUnie wol dat de gemeente Ljouwert fytspaden mei tegels ferfangt troch asfalt. Neffens de partij kin dêr jild út it lanlik mobiliteitsfûns foar brûkt wurde. Dat fûns is bedoeld foar bettere ynfrastruktuer.

Neffens de ChristenUnie binne in soad fytspaden mei tegels troch de winter skansearre rekke en foarmje se in gefaar foar fytsers. Dat probleem soe mei asfalt oer wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)