Nij kamerasysteem yn bussen

Fandalen moatte aanst oppasse yn de bussen. Trije Fryske bussen fan ferfierder Qbuzz krije in kamerasysteem dat yn ferbining stiet mei de sintrale meldkeamer fan de ferfierder.
It giet om in proef dy't it kommende jier allinnich yn Fryslân rint. KPN ynstallearret it systeem. Yn gefal fan need krijt de sjofeur mei ien druk op de knop in fideo- en audioferbining mei syn kollega's yn de meldkeamer.