Fabris net op de 10 kilometer
Reedrider Enrico Fabris docht tiisdeitejûn net mei oan de tsien kilometer. De Italjaanske rider hat him ôfmeld. Der bliuwe no noch 15 riders oer.
Foar de Nederlânske riders sil der neat feroarje. Arjen van der Kieft rydt yn de 5e rit, Bob de Jong yn de ien nei lêste rit en titelfavoryt Sven Kramer slút de tsien kilometer ôf.