WOZ-oanslach net leger

De WOZ-wearde kin minsken wolris ôffalle
Huzebesitters dy't de kommende dagen de oanslach foar de OZB-belesting iepenmeitsje, kinne wolris teloarsteld weze. In soad minsken rekkenje der nammentlik op dat de oanslach leger útfalt omdat de huzeprizen bot sakke binne. Mar dat is yn in soad gemeenten net it gefal, omdat as peildatum 1 jannewaris 2009 nommen wurdt.
De weardedaling fan wenten is pas yn de twadde helte fan 2008 ynset.