AOC skrast unike nije stúdzje

23 feb 2010 - 16:35

It AID hat ferline wike in ynfal dien by in hûnesintrum yn Drachtsterkompenije op fertinking fan fraude mei stambeammen. Yn it sintrum waarden de praktyklessen jûn fan in nije MBO-oplieding fan it AOC. Dat hat de oplieding no definityf skrast. Yn 2009 waard de unike stúdzjerjochting noch grutsk presintearre.

Nettsjinsteande de kontraktbreuk mei it AOC wol it hûnesintrum trochgean mei de oplieding fan helphûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)