Tineke Huizinga no minister

Tineke Huizinga is minister oant de nije ferkiezings
Tineke Huizinga fan It Hearrenfean is tiisdei troch de Keninginne beëdige ta demisjonêr minister fan Folkshúsfesting, Romtlike Oardening en Miljeubehear.
De ChristenUnie politika wie oant de fal fan it kabinet steatssekretaris fan Ferkear en Wettersteat. Se nimt de portefeuille fan Jacqueline Kramer oer oant der in nij kabinet is. De ferkiezings foar de Twadde Keamer binne op 9 juny.