Rel om posters yn Ljouwert

Dizze poster waard fuorthelle troch de gemeente
De gemeente Ljouwert hat posters ferwiderje litten fan in muzykkonsert omdat se in polityk tintsje hawwe soene. It affysje is yn de kleuren fan GrienLinks. Ek it logo fan dy partij is ôfbylde. Neffens de gemeente giet it dêrmei om ferkiezingsposters en dy meie net op kommersjele plakken hingje. GrienLinks is lulk.
In wurdfierder fan de partij seit dat se gewoan in kulturele aktiviteit organisearret. Fan VVD en CDA binne ek ferkiezingsposters fuorthelle.