Jong Hearrenfean wer nei Snits

23 feb 2010 - 14:03
  • Jong Hearrenfean/Emmen

Jong Hearrenfean/Emmen spilet tongersdei opnij de thúswedstriid op it keunstgers fan Snits Wyt Swart. De fjilden op Sportpark Skoatterwâld, de thúsbasis fan it kombinaasjeteam, kinne noch net bespile wurde.

De tsjinstanner yn Snits is Jong De Graafschap. Beide ploegen stean yn de ûnderein fan de ranglist. De Feansters ha 20 punten út 15 wedstriden, de Doetinchemmers ha 10 punten út 16 spile wedstriden. De wedstriid begjint om 18.30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)