Romte foar bedriuweterreinen

It PM-kanaal by Koatstertille
Der is genôch belangstelling foar it nije wetterbûne bedriuweterrein Westkern/Skûlenboarch fan 15 hektare by Koatstertille. In ûndersyk hat útwiisd dat der de kommende tsien jier ferlet is fan sa'n 66 hektare bedriuweterrein. Dêrfan is 15-20 persint wetterbûn.
De ferbreding en ferdjipping fan it PM-kanaal sil mear bedriuwen fan bûten de regio nei it terrein lûke, sa tinkt it ûndersyksburo.