Ketelbrêge ekstra befeilige

De Ketelbrêge soe no wer hielendal feilich wêze moatte
Rykswettersteat ynstallearret in ekstra befeiligingssysteem op de Ketelbrêge yn de A6. Dêrmei wurdt it iepenjen en sluten fan de brêge ekstra kontrolearre. Neffens Rykswettersteat is de Ketelbrêge mei dit systeem wer feilich.
Op 4 oktober ferline jier gie it dek fan de brêge samar iepen, wylst der auto's oerhinne rieden. Der ûntstie in gaos op de sneldyk. Meardere minsken rekken ferwûne en in oantal auto's rekke swier skansearre.