Thússoarch sjocht de earmoede

De thússoarch sjocht hieltyd better dat der earmoede is
Thússoarchmeiwurkers yn Ljouwert slagje der hieltiten better yn om earmoede te herkennen by minsken dêr't se oer de flier komme. Dat is dúdlik wurden nei in proefprojekt.
Meiwurkers fan de thússoarch ha leard hoe't se earmoede herkenne kinne. Dat dogge se oan de hân fan in soarte fan checklist. As se it gefoel ha dat kliïnten help nedich ha, wurdt dat trochjûn oan maatskiplik wurk.