Treinkondukteur bedrige

In 16-jierrige jonge bedrige in treinkondukteur
De plysje hat moandeitejûn op it stasjon yn Ljouwert in 16-jierrige jonge út Den Dolder oanholden om't er in treinkondukteur bedrige hie. De fertochte wie yn Grins op 'e trein stapt.
By kontrôle die bliken dat hy gjin kaartsje en ek gjin identiteitsbewiis hie. Hy waard agressyf en bedrige de kondukteur. Dy warskôge dêrop de plysje. Dy hat de jonge fuortendalik oppakt op it stasjon fan Ljouwert.