Kramer start yn lêste rit
Sven Kramer komt tiisdeitejûn op de Olympyske tsien kilometer yn de achtste en lêste rit yn aksje. Dat is moandeitenacht troch lotting bepaald. Kramer rydt tsjin de Rus Ivan Skobrev. Titelferdigener Bob de Jong nimt it yn de foarlêste rit op tsjin Havard Bokko út Noarwegen.
Arjen van der Kieft, de tredde Nederlânske dielnimmer, rydt yn de fyfde race tsjin Seung-Hoon Lee. De Súd-Koreaan ferraste earder mei sulver op de fiif kilometer.