Cambuur ferliest by Excelsior

Cambuur ferliest fan Excelsior
Cambuur heakket foarlopich ôf yn de striid om it kampioenskip yn de Jupiler League. Se ferlearen moandei mei 3-0 fan Excelsior. By it skoft wie it 1-0 foar de Rotterdammers. Dy krigen doe fiersten te min, want Cambuur waard fan de matte spile troch Excelsior.
Yn de twadde helte wie der wat mear lykwicht, mar Excelsior bleau de bettere ploech en skoarde noch twa kear. Cambuur krige ek kânsen, hie it fizier net op skerp stean.