Ferlies Jong Hearrenfean/Emmen

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandei kânsleas mei 2-0 ferlern fan Jong Feyenoord/Excelsior. De wedstriid dy't moandeitejûn spile waard ûnder minne omstannichheden op it moaie keunstgers fan Snits Wyt Swart waard nei acht minuten iepenbrutsen troch Landzaat. De Feansters krigen mar in pear kânsen en spilen net goed. Biseswar makke nei de skoft de 2-0 foar de Rotterdammers.
Foar it Frysk/Drintse belofteteam wie it noch mar de twadde wedstriid nei de winterstop. De ploech stiet alfde.