Wynturbinetest op ynternet

22 feb 2010 - 19:41

Kommende tongersdei ferskynt der in wynturbinetest op ynternet. Komponist Hoite Pruiksma en byldzjend keunstner Ids Willemsma hawwe dy test meitsje litten. Sy freegje har nammentlik ôf hoe lang't minsken it byld en it lûd fan in wynturbine ferneare kinne.

Der is ek in priis ferbûn oan de test, mar it is noch net bekend oft dy priis giet nei dejinge dy't it meast tsjin is op wynmûnen òf nei dejinge dy't it langst yn de buert fan in wynturbine ferkeare kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)