Fergees nei museum mei pake

22 feb 2010 - 16:43

De Fryske musea ha dizze fakânsje wer it projekt 'Help Pake en Beppe de fakânsje troch'. It wurdt al foar de njoggende kear dien. Bern meie op fertoan fan har pake of beppe dizze wike fergees nei Fryske musea. Moandei wie de start fan it projekt yn it museum op De Jouwer.

Der dogge 35 Fryske musea en argiven mei oan it projekt Oant en mei 26 febrewaris wurde alderhanne aardige en learsume aktiviteiten organisearre yn de musea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)