Gjin syktocht Hegemermar mear

De plysje siket snein net fierder nei de fjouwer opfarrenden fan in sylboat dy't sneon op de Hegemermar by Wâldsein mei de boat omslein binne. De fjouwer binne net fûn, mar neffens de plysje hat fierder sykjen gjin doel mear om't de hiele mar mei helikopters en fan boaten ôf besjoen is. Der is hielendal neat fûn dat der op wiist dat der noch minsken yn it wetter lizze.
De plysje twifelet net oan de melding en dêrom wurdt tocht dat de opfarrenden de boat wer oerein krigen hawwe, nei hûs gien binne en har net melden hawwe.