Noed oer Philipsminsken

In grut part fan de 35 meiwurkers fan it distribúsjesintrum fan Philips yn Drachten hat gjin goeie kâns om wer oan wurk te kommen. Dat sizze de fakbûnen. It is bekend dat it sintrum nei it suden fan it lân ferhuzet.
De fakbûnen meitsje har soargen oer de meiwurkers dy't it wurk no dogge. Se sette yn op hurde ôfspraken mei Philips. De ûnderhannelings hjiroer binne noch mar koartlyn úteinset.