Nije sponsors foar Sportstad

Sportstêd Hearrenfean hat mei fjouwer grutte sponsors in nij sponsorkontrakt fan 150.000 euro ûndertekene. Sûnt 2009 is Hearrenfean in Sintrum foar Topsport en Underwiis. Dat betsjut dat jong talint de mooglikheid krijt om topsport en skoalle goed te kombinearjen.
It jild wurdt brûkt foar de útwreiding fan húsfesting, medyske soarch, ûnderwiis en trainingsmooglikheden.