Soad animo wurk Jopie Huisman

22 feb 2010 - 10:04

Der is grutte belangstelling foar de skilderijen fan Jopie_Huisman dy't moandei feild wurde. Op de sjochdagen yn it feilinghûs yn Drylts binne dit wykein goed 3000 minsken ôfkaam. Der wie sels belangstelling fanút it bûtenlân.

Der wurde 4 skilderijen feild. It topstik moat tusken de 20.000 en 30.000 euro opbringe. It is foar it earst sûnt tsien jier dat der wer wurk fan de Fryske skilder te keap is. It giet om famyljestikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)